


Téater Bûtenpost is op 24 maart 1922 as “Krite Bûtenpost en Omkriten fan it Selskip for Fryske Taal-en Skriftenkennisse”, oprjochte, koartsein Fryske Krite Bûtenpost. It doel fan De Krite wie it befoarderjen fan it Frysk. Dit troch ús memmetaal te sprekken, te lêzen en te skriuwen. Al rillegau waard it spyljen fan toanielstikken de wichtichste ferdivedaasje. En dat dogge wy dus no al mear dan 100 jier. Op ús webstek fine jo alle ynformaasje oer de ferieniging, aktuele saken dy’t spylje, de skiednis en hoe’t jo yn kontakt komme kinne mei ús. In soad sjoch- en lêsnocht tawinske.
Us fyzje
By Téater Bûtenpost leauwe wy yn de krêft fan teater as in middel om by te dragen oan it maatskiplike wolwêzen. Us feriening stribbet dernei om in positive ynfloed te hawwen op de mienskip troch it befoarderjen fan persoanlike ûntwikkeling en gearwurking.
Wy hechtsje in soad wearde oan it kreative proses en sjogge it as in kâns om mei-inoar te groeien en te learen. Us doel is om in ynklusive omjouwing te kreëarjen dêr’t spilers fan alle nivo’s har thús fiele en harren talinten ûntwikkelje kinne.