De novimberfoarstelling “Hertejeie” wurdt spile op sneon 21 en freed 27 novimber yn The Point yn Bûtenpost. In tagongskaart foar leden en jongerein (oan te mei 17 jier) kostet 5 euro, foar net-leden is dit 12 euro. Oanfang fan de foarstelling is 20.00 oere, de seal giet iepen om 19.00 oere. De foaferkeap set útein op sneon 10 oktober.
Hoe kom ik dan oan myn tagongskaarten?
Salon Blom
Oude Havenstraat 4
9285 TC Bûtenpost
Onlineferkeap
Dit wurdt foar ús dien troch MG-Tickets. Jo krije it tagongsbewiis / E-ticket tastjoerd op jo e-mail.
Foar in bestelling wurdt 1 euro oan administraasjekosten yn rekken brocht.


Fragen oer de kaartferkeap: teaterbutenpost@gmail.com