Skiednis

Teater Bûtenpost is op 24 maart 1922 oprjochte ûnder de namme “Krite Bûtenpost en Omkriten fan it Selskip for Fryske Taal-en Skriftenkennisse, koartsein Fryske Krite Bûtenpost”. Dit barde mei in “Propagande-Feestjoun” fan de “Maatschappij tot Nut van ’t Algemeen, departement Buitenpost”. De ferieniging stelde har as doel it befoarderjen fan it Frysk troch it lêzen fan boeken, it skriuwen fan it Frysk en it hâlden fan lêzingen en foardrachten, dit fansels ek yn it Frysk. Der waarden by de oprjochting ek in oantal omgongsregels ôfpraat: ‘Het niet opzettelijk beledigen van anderen en ook niet spreken over geloof of staatsaangelegenheden, omdat dat op zo’n bijeenkomst ‘geen enkel nut dient’.

Al rillegau wurdt it spyljen fan toanielstikken de wichtichste aktiviteit, en dat is noch altiten sa. Yn it argyf fine wy in groepsfoto fan de spilers fan it stik Skyn. It is 1925, de earste op foto fêstleine spilersploech. Utsein de oarlochsjierren wurde der elts winterskoft twa foarstellingen spile. Dit yn novimber en yn febrewaris/maart.

Om yn de kunde te kommen mei it toaniel wurde der yn de jierren ’60 en ’70 ienakters opfierd, dit op de ledegearkomste. Der kamen kloften folk op ôf. It publyk waard ûntfongen mei kraantsjepot en kalkstiennen pipe.

Fan de 60’er jierren ôf is der sa út en troch ek jongerein dwaande mei toaniel. Om’t it dreech is it jongfolk bliuwend entûsjast te hâlden set Roel Klompmakerin in eigen jongereinploech op. Der folgje jierren mei in soad sukses oant optredens op it toaniel fan De Lawei ta. Guon spilers fan doe binne no noch altiten aktyf as spiler en ek as regisseur.

Teater Bûtenpost is oansletten by “Iepen DoEk”, foarhinne STAF en noch earder BFT. It selskip die altiten mei oan de kriich, in soarte fan wedstriid tusken de selskippen yn Fryslân. Op de útfiering kamen de saneamde karmasters del foar in beoardieling. Der waard sjoen nei de kar fan it stik, regy, grime, dekôr, ensafuorthinne. De kriichútslagen, de punten, soargen foar in ferdieling yn klassen. It Bûtenposter toaniel wie altiten werom te finen yn de Eareklasse. Yn 2019 kaam der in ein oan de kriich, der wie te min animo mear foar.

Wêr’t noch altiten mei in soad nocht en wille op werom sjoen wurdt is it 75-jierrich jubileum yn maart 1997. In grutte ploech minsken sette in prachtige revu op de planken, foar it grutste part skreaun troch Roel Klompmaker. Bûtenpost waard mei de nedige irony oer it fuotljocht brocht. Roel makke it spitigernôch self net mear mei, hy ferstoar op 3 jannewaris fan dat jier.

Yn de ôfrûne 100 jier ha hûnderten ynwenners fan Bûtenpost en omkriten mei in soad nocht en wille dwaande west mei harren hobby en ha se tûzenen minsken in noflike jûn besoarge. Teätermakkers krije twa kear in pracht fan in foldwaning; yn de hûd fan in oar krûpe en mei in ploech spilers oparbeidzje nei in moaie útfiering én de kick fan it publyk by de opfiering. Guon meiwurkers ha 20, 30, faaks 40 jier op’e planken stien, it is in firus sûnder koarts.

En dy foarstellingen geane noch altiten troch, gelokkich mar. By de jubileumfoarstelling, DNA, “Doe, No en Aanst”, begjin 2024, dit fanwege it hûndertjierrich bestean fan de ferieniging, krijt it selskip in nije namme: Teater Bûtenpost.

Edwina Black Siliger – 1971